Man grypt frou (23) yn krús op Ruterskertier yn Ljouwert

27 aug 2019 - 12:07

De plysje fan Ljouwert hat in 23-jierrige man oanholden op fertinking fan oanranding. Om fiif oere moarns soe er op it Ruterskertier yn Ljouwert in frou yn it krús grypt ha.

Foto: ANP

De frou (23) belle de plysje. Dy koe mei help fan it kameratafersjoch de man op it Saailân oanhâlde, oan de hân fan it sinjalemint dat de frou jûn hie. Dat meldt de plysje.

De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)