Festival Flylân is proeftún foar duorsumens

27 aug 2019 - 11:33

Festival Into The Great Wide Open op Flylân wol in sa klimaatneutraal mooglik festival wurde. It doel is om de ekologyske fuotprint fan besikers te ferlytsjen. Se wurde dêrom proefdier fan fjouwer duorsume inisjativen, lykas sirkulêr dûse en betelje sûnder muntsjes.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Innofest set festivals yn as 'living labs' om ûndernimmers de kâns te jaan harren prototypes te testen. Der binne fjouwer ynnovative bedriuwen dy't harren sirkulêre produkten op Into the Great Wide Open teste litte meie.

Sirkulêr dûse

Sa kinne campinggasten sirkulêr dûse en frijwilligers betelje sûnder muntsjes. Ek is der in tuktuk omboud ta ambulânse. De tuktuk rydt troch de dunen om de EHBU te assistearjen. Dêrneist is der in festivaltinte op in ynnovative en materiaalbesparjende konstruksje boud.

Mei it sirkulêr dûsen wurdt de waarmte fan it ôffierwetter op 'e nij brûkt om sa nij dûswetter te ferwaarmjen. Sa wurdt der minder enerzjy brûkt. Op langere termyn moat de sirkulêre dûs konsuminten helpe om harren wenning te ferduorsumjen.

It festival Into the Great Wide Open wurdt fan tongersdei 29 augustus oant en mei snein 1 septimber organisearre op it Waadeilân Flylân.

(advertinsje)
(advertinsje)