Odgaard en Dreyer spylje foar Denemarken

27 aug 2019 - 11:31

Twa spilers fan SC Hearrenfean binne opnaam yn de seleksje fan it Deenske nasjonale alvetal fan ûnder 21. It giet om Jens Odgaard en Anders Dreyer.

Jens Odgaard - Foto: www.orange-pictures.nl

Jong Denemarken komt earst freonskiplik yn aksje tsjin Hongarije. Dêrnei nimme sy it op yn it ramt fan de EK-Kwalifikaasje tsjin Roemenië. De wedstriden steane pland op 6 en 10 septimber.

Odgaard hat by SC Hearrenfean in muoisume kompetysjestart. De sintrumspits dy't dizze simmer oerkaam fan it Italiaanske Sassuolo wachtet noch altiten op syn earste doelpunt.

Anders Dreyer hat noch gjin wedstriid spile yn it pompeblêdeshirt. Hy kaam ferline wike oer fan Brighton & Hove Albion. De fleugelspiler kin sawol rjochts as links as de fuotten. Hy is foar ien seizoen hierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)