Trijehûndert pûden chips út Wolvegea mooglik besmet mei skjinmakmiddel

27 aug 2019 - 14:03

Trijehûndert pûden chips út Wolvegea binne mooglik besmet mei in skjinmakmiddel. Dat meldt de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Ien frou soe net goed wurden wêze nei it iten fan de chips.

Foto: Pixabay

De frou hat in klacht yntsjinne by it bedriuw dat de chips makket. Se binne ûndersocht, en dêrby die bliken dat de pH-wearde te heech wie.

De NVWA warskôget minsken om foar de wissichheid de chips net te iten. It giet om de Handcooked Texel Chips mei Zilte Zeekruiden (pûdsjes fan 125 gram) dy't hâldber binne oant 24 jannewaris 2020. De sjips binne ferkocht yn meardere lanlike supermerken.

It is net dúdlik watfoar skjinmakmiddel oft der yn de chips telâne kaam is. Dat seit direkteur Andringa fan FZ Organic Foods út Wolvegea, dêr't Texel Chips in ûnderdiel fan is.

It bedriuw ûndersiket wat der presys misgien is, seit Andringa. Fierder kin hy dêr neat oer sizze. "Wij tasten nog in het duister."

(Advertinsje)
(Advertinsje)