Klokken fan de Friezetsjerke yn Rome sille nei tsientallen jierren wer liede

27 aug 2019 - 10:50

De klokken fan de Friezetsjerke yn Rome sille ynkoarten wer beierje. De klokken swije al tsientallen jierren, omdat it houtwurk fan de ophinging fergien wie en it lûdsmeganisme yn minne steat is.

Foto: Omrop Fryslân

De Chiesa dei Frisoni út 1140 wurdt sjoen as in symboal fan de iuwenâlde histoaryske bân tusken Nederlân en de Hillige Stoel. De Friezetsjerke stiet op it plak dêr't al sûnt de 8e iuw pylgers út de lege lannen har sammelje. Yn it gebedshûs hingje in Fryske en in Nederlânske flagge.

Sûnt 1987 is de âlde tsjerke tichtby de Sint-Pitersbasilyk yn gebrûk by de Nederlânske mienskip. De tsjerke is, krekt as yn de betide midsiuwen, in wichtich punt foar leauwenden, pylgers en nijsgjirrige passanten út Nederlân.

'Vrienden van de Friezenkerk in Rome'

De tsjerke is yntusken mei stipe fan de stifting 'Vrienden van de Friezenkerk in Rome' restaurearre. Dêrút ûntstie ek de winsk om de histoaryske klokken wer liede te litten. De klokken wiene fanwege de minne steat fan de ynstallaasje al tsientallen jierren bûten gebrûk.

De Abe Bonnema-stifting, dy't projekten finansearret op it mêd fan arsjitektuer, hat in skinking dien foar it werstel fan de toer en de klokken. Abe Bonnema wie in Frysk arsjitekt út Stiens. Hy ûntwurp in soad gebouwen yn ûnder oare Ljouwert.

Nei de restauraasje sille de 'Vrienden van de Friezenkerk in Rome' finansjele stipe jaan bliuwe foar it ûnderhâld fan it gebou.

Foto: Wikipedia

Klokke-ekspert Sjoerd van Geuns, dy't ek ferbûn is oan de Domtoer yn Utrecht, sil ûndersyk dwaan nei de steat fan de klokken. Op basis dêrfan is der in restauraasjeplan makke.

Famyljebedriuw

De restauraasje sels sil dien wurde troch in âld Italiaansk famyljebedriuw fan klokkejitters en makkers fan toerynstallaasjes, dat ek de pauslike basiliken yn Rome ûnderhâldt.

It is de bedoeling dat de klokken op snein 24 novimber wer yn gebrûk naam wurde. Dat sil dien wurde troch de widdo fan Abe Bonnema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)