Kollum: "Ite, drinke en figuerseagje"

27 aug 2019 - 08:33

"De sinne skynt. It is rêstich op 'e dyk. Nei tritich kilometer allinne mar troch bosk riden te hawwen, teart de wrâld har ûnferhoeds iepen, as in einleas útklapboek. De kimen lizze safier fuort datst se amper sjen kinst. Inkeld kleuren jouwe oan wêr't lân en loft inoar reitsje.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Al dy widens en swidens komt de argeleaze fakânsjegonger oer 't mad. Dy komt út in lyts lân mei 17 miljoen ynwenners, út de drokte fan it wurk en mei in kop fol ôfspraken en plichten. Dat duorret it even foar't de rêst, de romte en de skjintme fan de natoer besit fan him nimme. Mar as it ienris safier is, is it ek klear.

Alle hastigens en jachtigens glydzje fan de fakânsjegonger ôf. Dy makket lange kuiertochten. Troch de bosk, oer de heide, by de see lâns dy't soms kalm en soms rûzich is. It libben giet werom nei syn meast basale foarm: ite, drinke en figuerseagje, oftewol sekse. De fakânsjegonger komt wer yn kontakt mei de essinsje fan it bestean. Net fierder sjen as it momint, de wrâld dy't net grutter is as dy dêr'tst bist. De keunst is om dat gefoel, dy steat fan wêzen, sa lang mooglik fêst te hâlden. Dat soks net tafalt die bliken doe't dizze fakânsjegonger thús kaam.

Nei't ik in sigaar oanstutsen hie, seach ik achterbuorman stean. Dy eage de greiden en it boulân oer. Hy hie in kop as in tuorre en makke in mismoedige yndruk. Ik frege him wat der te rêden wie. Hy antwurde dat er de oare deis wer oan 't wurk moast. 'Ik sjoch der tsjinoan,' sei er. 'De lêste wike fan myn fakânsje ha ik sadwaande net fan genietsje kinnen. En ik wit no al dat ik fannacht min sliepe sil.'

Buorman hie, mei oare wurden, de post-fakânsjeblues. En hy is net de iennichste. Dyjingen dy't nei de fakânsje deprimearre binne ha lêst fan in echte oandwaning, nammentlik it Post-Holiday Syndrome. Gjin lytse groep, want it skynt om 35 prosint fan alle fakânsjegongers te gean. Minsken dy't neitiid tryst binne, dy't harren net konsintrearje kinne, in fielen fan leechte ûndergean en samar lulk binne.

Betsjut soks dat it gewoane, deistige bestean neat oan is? Dat de easken dy't de maatskippij steld te bot binne? Fragen sûnder maklike antwurden. Foar mysels kin ik sizze dat ik yn de fakânsjeperioade bygelyks it nijs safolle mooglik bûten de doar hâld. Gjin weet ha fan it Amazônegebiet dat yn 'e brân stiet, fan Trump dy't Grienlân keapje wol, fan giftige stoffen dy't oer it bedriuweterrein op It Hearrenfean lûke. Dêr bin ik pas thús achterkaam. Allegearre saken dy't jin negatyf beynfloedzje. Om soks wilens de fakânsje net te witten is noflik. Eskapisme, grif, mar needsaaklik.

Wat buorman oangie, koe ik oars net as sizze dat er trochgean moast mei 't fakânsje fieren. Yn alle gefallen in bytsje. Thús ek ris in boek lêze. De ierappels op de barbekjû smite ynstee fan yn de hegedrukpanne. Mei hjit waar nei see om te swimmen. En om faker mei de frou te figuerseagjen."

(advertinsje)
(advertinsje)