Judoka Sanne Vermeer yn aksje op histoaryske grûn yn Japan

27 aug 2019 - 07:42

Sanne Vermeer fan Stiens docht foar de twadde kear mei oan de WK judo. De kampioenskippen setten snein útein en duorje acht dagen. Vermeer komt woansdei yn aksje. De judoka is noch mar 21 jier, mar sit no al tsjin de wrâldtop oan. "Het is wel bijzonder dat ik daar straks mag staan", seit se oer de Budokan-arena yn Tokio, Japan.

Sanne Vermeer - Foto: www.orange-pictures.nl

Vermeer is op dit stuit de nûmer acht fan de wrâld. Ien fan de moaiste mominten yn har noch mar koarte karriêre belibbe se in pear moannen lyn. Yn Minsk yn Wyt-Ruslân pakte se brûns op it Europeesk kampioenskip. "Daar was ik echt zo blij mee. Op zo'n podium staan met een medaille is echt heel cool."

Dochs wie it net iens hiel ûnferwachts. Vermeer is in grut talint en waard yn ferskillende jeugdklassen wrâldkampioen. "Maar de stap naar de senioren is wel groot. Ik ben nu de nummer acht van de wereld, maar de stap naar de echte wereldtop is echt nog wel heel groot."

Gjin baalgefoel

Yn Minsk ferlear se yn de heale finale fan de nûmer ien fan de wrâld, Clarisse Agbegnenou út Frankryk. Sy strekt der mei kop en skouders boppe-út. "Zij is wel de favoriet ja. Zij is echt heel goed." Dochs wie Vermeer net echt kânsleas. "Ik kijk niet met een baalgevoel terug op die wedstrijd. Ik maakte eigenlijk geen fouten. Ja, in het begin eventjes en ik kreeg meteen een punt tegen."

Twa Friezen

Oan it begjin fan it wrâldkampioenskip judo sneon kamen twa Friezen yn aksje. Njonken Vermeer wie dat Tornike Tsjakadoea by de manlju. Tsjakadoea, fan Ljouwert, lei lykwols yn de earste wedstriid al út it spul. Margriet Bergstra fan De Lemmer rekke blessearre en moast dêrom it WK twongen oan har foarbygean litte.

Bysûndere lokaasje

"Ik ben fit en heb er zin in", seit Vermeer. Dat it WK yn de Budokan hâlden wurdt, makket it noch spesjaler. "Anton Geesink werd in de hal wereldkampioen. Het is historische grond. Ik ben vier keer in Japan geweest, maar eigenlijk altijd voor trainingen. Ik heb Budokan wel van buiten gezien en dat is al indrukwekkend."

De hal stiet bekend om syn popkonserten fan ûnder oare The Beatles, en om de prestaasjes fan Anton Geesink, dy't yn 1964 de earste Nederlânske Olympysk kampioen judo waard. Hy wûn yn de finale fan de Japanner en thúsfavoryt Aiko Kaminaga. Dat wie nochal in stunt yn it judogekke lân. "Je merkt wel dat ze in Japan van judo houden. In Nederland gaan kinderen vaak op voetbal, maar in Japan gaan ze bijna allemaal op judo."

Foto: Omrop Fryslân

It is net sa dat Sanne Vermeer samar efkes in medalje ophellet yn Tokio. "De stap naar de echte wereldtop is echt nog wel groot, maar het is ook weer niet zo dat het onrealistisch is. Ik ben tevreden als ik het maximale eruit haal. Hoe ver ik daarmee kom, vind ik nog lastig in te schatten."

Dêr komt ek by dat as se al gau Agbegnenou tsjinkomt, it ek lestiger wurdt. "Maar de hele wereldtop is hier. Er zijn eigenlijk bijna geen slechte judoka's aanwezig."

Op de Olympyske Spelen mei der mar ien dielnimmer per lân meidwaan, mar dat is by it WK oars. Sa hat se mear konkurrinten út lannen as Japan. En út Nederlân, want Juul Fransen docht ek mei. Sy is mominteel de nûmer seis fan de wrâld.

"Met de Olympische Spelen ben ik nog niet bezig"

En mei dy Juul Fransen ha we fuort ek har konkurrint foar de Olympyske Spelen neamd. It judobûn en NOC*NSF bepale wa't de Nederlânske kandidaat foar de Spelen wurdt. Mar de ranglist sil dêr fansels in grutte rol by spylje. Yn 2016 gie net Fransen, mar Annicka van Emden nei de Spelen.

No giet it tusken Fransen en Vermeer. "Maar ik ben daar nog niet mee bezig. Dat heeft geen zin. Ik moet zelf beter worden en wedstrijden winnen. Alleen dat heb ik in eigen hand." Fransen helle ferline jier de finale fan it WK yn Bakû yn Azerbeidzjan, dy't se ferlear fan Agbegnenou. Op it EK waard se lykwols yn de twadde ronde al útskeakele.

Vermeer komt woansdei 27 augustus yn aksje yn Tokio. Se docht mei yn de klasse oant en mei 63 kilo. Vermeer waard earder wrâldkampioen by de junioaren en de kadetten. Ferline jier waard se yn de twadde ronde útskeakele op it WK.

(Advertinsje)
(Advertinsje)