Bestjoerder ferliest macht oer stjoer en bedarret yn it wetter by Strobos

27 aug 2019 - 07:05

Oan it Hoendjip Noardside yn Strobos is tiisdeitemoarn in auto yn it wetter bedarre. De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer. Hy koe op eigen krêft út de auto komme.

Der kamen twa ambulânses en in traumahelikopter op it ûngelok ôf. De bestjoerder wie sels al út de auto krûpt. Hy waard opfongen troch ambulânsepersoniel en soe dêrnei oerbrocht wêze nei it sikehûs.

Omdat de brânwacht twivele oft der noch mear minsken yn de auto sieten, waard der in dûkteam ynsetten. De dûkers hawwe yn it wetter en yn de auto socht, mar der waard gjinien oantroffen. De auto is yntusken út it wetter takele.

Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De plysje docht ûndersyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)