Brânwacht rydt út foar kontenerbrân yn Aldegea

27 aug 2019 - 06:27

De brânwacht moast yn de nacht fan moandei op tiisdei útride foar in kontenerbrân oan de Gariperwei yn Aldegea (Sm.). By de brân kaam in soad reek frij.

Foto: De Vries Media

Om 3.00 oere rieden de brânwachtkorpsen fan sawol Burgum as Drachten út foar wat earst like op in wenningbrân. Op lokaasje die bliken dat it om in kontener gie dy't tsjin de wente oan stie. By de brân kaam in soad reek frij, wêrtroch't it hûs en it hûs dêrneist fentilearre wurde moasten.

Troch it rappe yngripen fan de brânwacht koe slimmer foarkaam wurde. Der wurdt ûndersyk dien nei it ûntstean fan de brân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)