Gjin Fryske medaljes op earste dei EK skeelerjen

26 aug 2019 - 22:33

De earste dei fan it EK skeelerjen yn Spanje hat gjin Fryske medaljes opsmiten. It bêste resultaat wie foar Ruurd Dijkstra.

Ruurd Dijkstra (links) yn in eardere wedstriid - Foto: Neeke Smit

Ruurd Dijkstra waard sânde yn de 10.000 meter punte-ôffalkoers. Berber Vonk en Maya de Jong diene by de froulju mei op dy dissipline, mar hellen de finish net.

Moniek Klijnstra die mei op de 200 meter sprint en waard dêr tsiende.

Klijnstra en De Jong foarmen mei Lianne van Loon it team foar de 500 meter teamsprint. Se kwalifisearren harren net foar de finale.

Pamplona

It EK skeelerjen wurdt holden yn it Spaanske Pamplona. It duorret noch oant en mei snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)