"Leeuwarden wordt als studiestad onderschat"

26 aug 2019 - 22:04

Tûzenen nije studinten komme fan 'e wike yn 'e kunde mei Ljouwert as stúdzjestêd. Neffens de âldere-jiers in prima kar, want Ljouwert hat foar studinten eins alles. "Veel HBO-opleidingen horen tot de beste van het land, de sfeer is gezellig en gemoedelijk en de kamerprijzen zijn hier relatief laag."

Net de namme fan swingende studintestêd

De studenten jouwe ta dat Ljouwert noch net echt de namme hat fan in swingende studintestêd. "Dat gold voor mij ook. Maar ik had hetzelfde als veel anderen. Je kiest vanwege het niveau van de opleiding en neemt de stad voor lief. Na verloop van tijd ontdek je dan hoe de stad echt is. Wij zijn inmiddels echte ambassadeurs voor Leeuwarden!"

Sa'n sântûzen nije studinten hawwe dizze wike yn Ljouwert ûnder it biedwurd 'LEIP' harren yntroduksje foar NHL-Stenden, Van Hall Larenstein en Campus Fryslân fan de Ryksuniverstieit Grins.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Leeuwarden studiestad. Is het wat?, freget ferslachjouwer René Koster

(advertinsje)
(advertinsje)