Hea!-Janko Krist giet fierder by Man bijt hond, mar no by SBS

26 aug 2019 - 21:56

It programma Man bijt hond is werom nei't fjouwer jier ferlyn de publike omrop de stekker derút luts. Fan moandei ôf is it programma alle dagen te sjen by SBS6, mei de bekende rubriken lykas de Babbelbox en it oanbeljen by poerfrjemden. Nei't Man bijt hond ophâlde, sochten se talinten foar de opfolger Jan rijdt rond, bedoeld foar de jongere doelgroep. Janko Krist, dy't ek by Hea! wurke, melde him derfoar oan, mar dat programma hâlde ek op.

Janko Krist (r.) en Arie van der Hamsvoort (l.) fan Man bijt hond - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Janko Krist (r.) mei kollega Arie van der Hamsvoort (l.) by Harm Weistra yn de studio

Wat is dat Man bijt hond-gefoel?

Janko Krist: "Ast de earste filmkes sjochst, sitst der nei trije sekonden wer yn. Alderearst dy stim en dêrnei komt der in type yn byld dy't in wat aparte fraach krijt. Dan ek noch in bytsje in raar muzykje derby en dan bist der wer hielendal."

De gewoane man kriget in gesicht yn Man bijt hond, fertelt kollega Arie van der Hamsvoort, ien fan de makkers fan de earste oere. "Gelikte BN'ers hebben al genoeg zendtijd. Het is bij ons gewoon de mensen in de straat die iets te vertellen hebben. Wat gebeurt er achter die voordeur? Klein nieuws groot, groot nieuws klein. Dat zijn onze slogans." Dêrby is it wichtich dat de minsken yn harren wearde litten wurde. "We zetten de mensen mooi neer. Als je ten koste van mensen televisie gaat maken, dan krijg je dat terug."

De bekende stim fan Michael Abspoel docht dus ek wer mei. Fierders komme in soad programmamakkers fan doe werom. Sagau't se it berjocht hearden dat Man bijt hond wer los giet, hawwe in soad makkers harren spontaan oanmeld, seit Van der Hamsvoort. Se wurkje mei hast itselde team. "Het is een weerzien van oude gezichten. We pakken de draad op waar we gestopt zijn. "

En komt Frans ek werom?

Arie hat oait Frans ûntdutsen, seit Janko tsjuttend op syn buorman. Van Hamsvoort seit dat, as Frans it ek wol, er it dan net útslút. Mar it is net de bedoelding dat se altyd op de âlde foet fierder gean. "Ik sluit het niet uit, maar kan het ook niet garanderen".

De sjochsifers binne hiel wichtich, no't Man bijt hond by it kommersjele SBS sit. Janko: "Nei in pear wiken witte wy mear oer oft it wol of net oanslacht". Te sjen alle jûnen om 19.30 oere.

Trefwurden: 
Janko Krist Man Bijt Hond
(Advertinsje)
(Advertinsje)