Steuring ferkearsljochten op drokke krusing Ljouwert: "nim oare rûte"

27 aug 2019 - 06:40

Troch in steuring wurkje de ferkearsljochten op de krusing fan de Pieter Stuyvesantwei en de Willem Lodewijkstrjitte yn Ljouwert net. Neffens de gemeente sil de steuring noch oant en mei tiisdeitemoarn duorje.

De krusing fan de Willem Lodewijkstraat en de Pieter Stuyvesantweg - Foto: Google Maps

De gemeente advisearret minsken om in alternative rûte te nimmen, bygelyks troch om te riden oer de Himrik. "Of bygelyks fia de Aldlânsdyk en de Anne Vondelingwei. Besykje dat krúspunt yn elts gefal te ûntsjen."

Hoe't de steuring ûntstean koe, is net bekend. "We hawwe wol lêst hân fan de waarmte, dat soe ynfloed kind hawwe op de ynstallaasje." De gemeente hopet dat de steuring yn de rin fan tiisdei oplost wêze sil.

Erik Krikke fan de gemeente Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)