Jong Hearrenfean en Jong Cambuur ferlieze beide

26 aug 2019 - 21:01

De belofteteams fan SC Hearrenfean en SC Cambuur hawwe moandeitejûn beide ferlern. De Feansters ferlearen mei 3-2 fan PEC Zwolle, de Ljouwerters waarden mei 3-1 ferslein troch Go Ahead Eagles.

Rami Hajal skoarde foar Jong Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur kaam al nei 23 tellen efter en oan de ein fan de earste helte wie it al 2-0. Nei it skoft die Stefan Deuling noch wol wat werom, mar Jong Go Ahead Eagles wie úteinlik mei 3-1 te sterk.

Hearrenfean stie by it skoft ek al 2-0 efter. Krekt nei it skoft waard it 3-0. Rami Hajal en Joshua Adney skoarden yn it lêste kertier noch, mar in lykspul siet der net mear yn. Middenfjilder Jan Ras, dy't ek by de seleksje fan it earste team sit, rekke blessearre.

Derby

De folgjende wedstriid foar beide teams is de derby. Dy sil op moandei 16 septimber op It Hearrenfean spile wurde. Beide teams hawwe oant no ta trije punten helle yn pûl A fan de beloftekompetysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)