Swierferwûne by botsing auto-frachtauto op dyk tusken Appelskea en Easterwâlde

26 aug 2019 - 20:43

Op de N381 tusken Easterwâlde en Appelskea is moandeitemiddei in swier ûngelok bard tusken in persoane-auto en in frachtauto. In ynsittende fan de auto rekke dêrby swierferwûne.

Foto: De Vries Media

Neffens tsjûgen waard it ûngelok feroarsake by it ynheljen. It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto wei helle en dêrnei nei it sikehûs brocht.

It is net dúdlik hoe't it mei it slachtoffer is. De sjauffeur fan de frachtwein rekke net ferwûne.

De dyk wie yn beide rjochtingen ôfset troch de plysje. De auto en de frachtwein binne nei plysjeûndersyk burgen.

Trefwurden: 
ûngelok N381
(Advertinsje)
(Advertinsje)