Nije ferdigener SC Cambuur moat earst noch troch de keuring

26 aug 2019 - 20:12

SC Cambuur hopet woansdei in nije spiler te presintearjen. It giet om in ferdigener. Dat lit technysk manager Foeke Booy witte. Hy wol gjin namme neame.

Foto: Omrop Fryslân

De ferdigener dêr't it om giet, moat nammentlik noch in medyske keuring ûndergean. Yn ôfwachting dêrfan wol Booy neat sizze. Cambuur siket noch in linkersintrale ferdigener. Dy kin noch in wike oanlutsen wurde, want nije wike moandei op tiisdei om 00.00 oere slút de transfermerk.

De Ljouwerters binne ek noch altyd dwaande mei oanfaller Crysencio Summerville. Syn klup Feyenoord is der lykwols noch altyd net oer út oft it him oan Cambuur ferhiere wol. Neffens Booy wol Summerville sels wol graach nei Ljouwert komme.

Wa't dat net docht, is middenfjilder Claudio Gomes fan Manchester City. Cambuur hie him graach hiere wollen, mar de jonge Frânsman sjocht dêr sels fanôf.

Trefwurden: 
SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)