Nederlân sûnder Marrit Jasper ek foarby Kroäsië

26 aug 2019 - 20:01

De Nêderlânske follybalsters hawwe op it Europees kampioenskip yn Hongarije de tredde wedstriid ek wûn. Tsjin Kroäsië waard it 3-0. Marrit Jasper siet wol by de seleksje, mar se kaam wer net yn aksje.

Marrit Jasper yn aksje foar Oranje - Foto: OrangePictures

De Nederlânske froulju hiene it net hiel lêstich tsjin Kroäsie. Se wûnen de trije sets mei 25-16, 25-18 en 25-23.

Pûlfaze

It wie de tredde oerwinning fan de pûlfaze fan it EK. Earder wûn Nederlân ek al fan Roemenië en Azerbeidzjan. Dy wedstriden einigen ek yn 3-0.

Marrit Jasper is oant no ta noch net yn aksje kaam op it EK. Nederlân stiet foarearst boppe-oan yn de pûl en moat noch tsjin Estlân en gastlân Hongarije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)