Campers en caravans wachtsje oant se it terrein Psy-fi op meie

Tusken Ljouwert en Hurdegaryp is it by de ôfslach Aqua Zoo no al in drokte fan belang. Dat hat alles te krijen mei it kommende Psy-fi-festival. It goa-dance-festival begjint woansdei en duorret oant en mei snein.
File campers en caravans foar it terrein fan Psy-fi © Omrop Fryslân, René Koster
De camping gie moandei al iepen foar de frijwilligers, mar ek foar de festivalgongers dy't in moai plak hawwe wolle. Campers en omboude kampearauto's stiene yn in lange rige opsteld op de parallelwei. Ferkearsregelers lieten se twa by twa de dyk oerstekke, sadat der alle romte wie foar de befeiliging om alles te kontrolearjen foar't de besikers it terrein op mochten.
© Omrop Fryslân, René Koster
De besikers komme wer út alle wynstreken nei it muzykfestival dat mooglik syn lêste Ljouwerter edysje yngiet. Op it festivalterrein gie al it ferhaal dat Psy-fi takom jier mooglik nei it terrein fan in golfpark by it Drintske Erica holden wurdt. De edysje fan dit jier begjint woansdei en duorret oant en mei snein.
© Omrop Fryslân, René Koster
Alles ûnder kontrôle, freget ferslachjouwer René Koster oan de ferkearsregelers