Cambuur te sterk foar Harkiten

07 jul 2012 - 16:43

Op sportpark De Bosk op 'e Harkema hat Cambuur sneon yn in oefenwedstriid mei 4-1 wûn fan Harkemase Boys. De Boys kamen noch wol op foarsprong troch in penalty fan Age Hains Boersma. Noch foar it skoft makke Melvin de Leeuw de lykmakker.

Yn de twadde helte rûn Cambuur út nei 4-1 troch goals fan Marco van der Heide, Mohamed el Makrini en Vincent Weijl.

(advertinsje)