Tsientallen sjenswizen tsjin sluting jachtwerf Nerushoek yn Terherne

Tsientallen minsken binne it net iens mei it foarnommen beslút fan boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren om jachthaven De Nerushoek yn Terherne in heal jier te sluten. By de gemeente De Fryske Marren binne de ôfrûne wiken tsientallen sjenswizen tsjin it foarnommen beslút ynkommen. Dat befêstiget in wurdfierder fan de gemeente. De plysje fûn yn juny in himpplantaazje yn in kontener op it terrein fan de jachthaven. De eigener fan de jachthaven wurdt troch justysje fertocht fan it ferbouwen fan de himp.
De himpkwekerij dy't yn de haven fan Terherne ûntdutsen is © Omrop Fryslân
Foar Veenstra wie de plysjerapportaazje oer de saak oanlieding om begjin augustus in foarnommen beslút ta sluting fan it bedriuw te publisearjen. De beswiermakkers binne benammen hierders fan lisplakken yn de jachthaven, mar ek ferskate ynwenners fan Terherne hawwe in sjenswize nei gemeente De Fryske Marren stjoerd.

De dupe

Jachthaven De Nerushoek hat sa'n fyftich lisplakken. Ek wenje der ferskate minsken permanint. Hierders en ek oare Terhernsters hawwe der muoite mei dat sy mooglik de dupe wurde fan in beslút fan de boargemaster om de jachthaven te sluten.

Septimber beslút

Nije wike slút de termyn foar it yntsjinjen fan sjenswizen. Gemeente De Fryske Marren nimt nei alle gedachten yn septimber in beslút oer it wol of net tydlik sluten fan it bedriuw. Tsjin dat beslút kin dan wer beswier makke wurde.