Sportcast: "Hâld fertrouwen yn Odgaard"

Claudio Gomes komt net nei Cambuur, fertrouwen hâlde yn Jens Odgaard en de bêste keatser fan dit momint. Dat binne in pear fan de ûnderwerpen dizze wike yn de sportcast. Ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber prate dizze moandei oer Cambuur, Hearrenfean, it WK judo en Taeke Triemstra.
© Omrop Fryslân
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
Sportcast 26 augustus 2019
It is ien fan de spilers dy't op de list stie by Cambuur om it middenfjild te fersterkjen, mar hy komt neffens Andor Faber net. "Dêr kin in streep troch. Se hawwe it besocht, mar hy komt net." Cambuur sil neffens Faber noch wol op syk nei in middenfjilder. "In balôfpakker moat derby. In kontrolearjende middenfjilder." As it oan Arjen de Boer leit, komt der ek in ferfanger foar Mees Hoedemakers: "Dy lit no eltse wike sjen dat er it nivo net oan kin."
© Omrop Fryslân
Trainer Johnny Jansen hâldt fertrouwen yn syn spits Jens Odgaard. Hy skoarde noch net yn de fjouwer kompetysjewedstriden. Arjen de Boer: "It is noch te betiid om him ôf te skriuwen. Jou him noch efkes. Hy hat wol wat." Andor Faber: "Wachtsje efkes oant oktober en oardielje dan wer." Oer Chidera Ejuke is Arjen de Boer dúdlik. "Dy hat no wol sjen litten dat er better funksjonearret op de linkerflank. Bruijn op tsien en Ejuke op de linkerkant. Dat wurket better."
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Mar dizze kear efkes net.