Antykonsepsje-camper moat gebrûk foarbehoedmiddels by studinten opkrikke

Ut in ûndersyk fan kennissintrum Rutgers en Soa Aids Nederland docht bliken dat hbo- en wo-studinten in grutte risikogroep foarmje foar it ûnbedoeld yn ferwachting reitsje. Dêrom is der in saneamde Antykonsepsje-camper dy't by 13 stêden yn Nederlân del rydt om mei yntroduksjedagen fan skoallen foarljochting te jaan oer feilige seks. Moandei stie de camper yn Ljouwert, op it Aldehoustertsjerkhôf.
© Omrop Fryslân, René Koster
As jongerein it studintelibben ynstappe, geane sy faak ek seksuele kontakten oan. Dêrom binne de yntroduksjedagen it perfekte momint om ynformaasje te jaan oer antykonsepsje, sa jout de organisaasje Bayer oan. "Het is zo dat jongeren veel weten en op school leren over seks, maar dat gebeurt vaak in het begin van het voortgezet onderwijs, in de eerste en tweede klas. Maar daarna is er geen aandacht meer voor en tegen de tijd dat jongeren op het hbo terechtkomen, mag de kennis wel weer opgefrist worden," seit ien fan de meiwurkers by de camper.

Gjin taboe mear

Neffens guon jongerein dy't moandei by de camper stiene is prate oer seksualiteit hjoed-de-dei net in taboe mear. Yn de camper is in tentoanstelling te sjen oer de skiednis fan foarbehoedmiddels. Rutgers soarget dat der foarljochtingsmateriaal is en saneamde Sense-ferpleechkundigen fan de GGD binne der om fragen te beäntwurdzjen en kondooms út te dielen.

Siedselballonnen

Op it Aldehoustertsjerkhôf is der benammen ynteresse foar de ballonnen dy't by de camper útdield wurde, yn de foarm fan spermasellen. "De zaadcelballonnen spreken jongeren wel aan. Het is voor ons de start om een gesprek met jongeren aan te gaan, of ze Sense kennen en of ze een kijkje willen nemen op de anticonceptiebeurs."
Ferslachjouwer René Koster by de antykonsepsje-camper

'Double Dutch'

Yn Ljouwert wurdt ek wiisd op it belang fan 'Double Dutch.' "Dat is het gebruik van een anticonceptiemiddel, bijvoorbeeld een pil, spiraaltje, of hormoonring, sámen met een condoom. Op die manier ben je beschermd tegen zwangerschap én tegen een SOA, dus dat is een hele veilige manier om seks te hebben," leit ien fan de meiwurkers út.
Dat der yn it ferline tige frjemde metoaden wiene om net swier te wurden, docht wol bliken yn de camper. Dêr binne ûnder oare in 'kuisheidsgordel', kondooms fan linnen en in heale sitroen te sjen, dy't eartiids brûkt waarden as foarbehoedsmiddels.
Ferslachjouwer René Koster sjocht mei meiwurker Marianne yn de camper