Buma no echt offisjeel boargemaster fan Ljouwert

26 aug 2019 - 15:56

Sybrand van Haersma Buma is moandeitemiddei ynstallearre as nije boargemaster fan de gemeente Ljouwert. De plechtichheid wie yn de Grutte Tsjerke. Buma spruts de útnûge minsken ta yn it Nederlânsk en ek it Frysk.

Buma wie om tolve oere moandeitemiddei mei de trein oankaam yn Grou, it súdlikste treinstasjon fan de gemeente Ljouwert. Dêrnei gie it mei in bus fierder foar in rûnrit troch de gemeente.

De tocht einige yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Dêr wiene op saneamde 'bûtengewoane riedsgearkomste' in soad pommeranten út lanlike, provinsjale en gemeentlike polityk om de ynstallaasje by te wenjen.

Sa wiene in soad Keamerleden en de ministers Grapperhaus fan justysje en Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport der ek by. Fierder wie Buma syn heit ek by de ynstallaasje fan syn soan. Buma sr. wie, doe't Sybrand noch in jonkje wie, boargemaster fan Warkum.

Nei in pear taspraken folge it ôflizzen fan de eed troch de nije boargemaster. Kommissaris fan de Kening Brok naam de eed ôf. Dêrnei krige Buma offisjeel it amtsketting fan de gemeente Ljouwert omhongen troch loko-boargemaster en wethâlder Sjoerd Feitsma. Op de resepsje dy't dêrnei folge koene de oanwêzigen Buma lokwinksje.

Buma wol echt sjen nei de ynvestearringsaginda fan Ljouwert en omkriten, seit ferslachjouwer Hayo Bootsma dy't by de plechtichheid is. "No giet it noch om behâld. Soargje dat de soarch goed regele is en de kultuer syn gong gean kin.

Buma seit: "Wy moatte in kar meitsje de kommende jierren. As jo fierder wolle, dan sille jo dêrop ynvestearje moatte." Buma sil yn it kolleezje oan de slach om te sjen oft er stipe krije kin fan de wethâlders foar dy ynvestearringsaginda."

(advertinsje)
(advertinsje)