Wurksumheden N361: Grinslanners trije wiken troch Fryslân nei Skiermûntseach

26 aug 2019 - 15:45

Grinslanners dy't nei Skiermûntseach wolle, moatte yn septimber troch Fryslân hinne ride. Dat komt omdat der tusken Ulrum en Lauwerseach oan de N361 wurke wurdt. Dat is de dyk oan de Grinslanner kant fan de Lauwersmar. Yn de dyk komt ûnder oare in otterpassaazje. Ek bussen nei Lauwerseach moatte in oare rûte ride. It omriden jildt fan 2 oant 23 septimber.

De N361 by Lauwerseach - Foto: Google Street View

De ôfsluting begjint by de kazerne Marnerwaard en hâldt op by de Strandweg ûnder Lauwerseach. It ôfsluten is nedich om't Waterschap Noordzijlvest de dyk opknappe sil. De bushaltes oan de rûte ferfalle tydlik. Fytsers kinne noch wol gewoan gebrûk meitsje fan de Strandweg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)