Grutste, iepen edelsmidderij Noard-Nederlân yn Blokhûspoarte hast iepen

26 aug 2019 - 14:42

De grutse, iepen edelsmidderij fan Noard-Nederlân wurdt sneon 7 septimber iepene en sit yn de Ljouwerter Blokhûspoarte. Dat bart ûnder de namme: Collectief Edelsmeden Leeuwarden. It inisjatyf komt fan edelsmid Sanne Bergsma, dy't ek al in lytsere lokaasje hat yn de Sint Jacobsstrjitte. Bergsma hat de gearwurking socht mei edelsmid Melissa Cowie út Nij-Seelân.

Foto: Collectief Edelsmeden Leeuwarden

Yn de nije romte is in grutte, iepen wurkpleats foar amateurs likegoed as professionals. Fierder kinne der workshops, kursussen en personielsútstapkes komme. Ynkoarten set yn de Blokhûspoarte ek de foaroplieding ta edelsmid útein. By de iepeningsmiddei op 7 septimber binne kursisten oan it wurk en jouwe lokale edelsmeden ferskate demonstraasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)