Henk de Jong ien wedstriid skorst nei read tsjin NAC Breda

26 aug 2019 - 14:28

Henk de Jong sit freed net by SC Cambuur op de bank, as de Ljouwerters thús spylje tsjin FC Den Bosch. De trainer is foar ien wedstriid skorst, om't er tsjin NAC Breda in reade kaart krige. Cambuur giet akkoart mei de straf, al is it wol ûnder protest.

Henk de Jong krijt de reade kaart fan Kevin Blom - Foto: Orange Pictures

Skiedsrjochter Kevin Blom joech De Jong ôfrûne freed de reade kaart, om't er nei de assistint-skiedsrjochter rûn en dêrmei syn coachingsfak ferliet. Neffens technysk manager Foeke Booy fan Cambuur is de straf te swier: "Er is geen onvertogen woord gevallen en het had zowel de scheidsrechter als de KNVB gesierd om dit met een gele kaart dan wel voorwaardelijke schorsing af te doen. Zeker als je ziet waar op andere velden geen straf voor wordt uitgedeeld", fertelt Booy op de webside fan de Ljouwerters. "Desalniettemin is er een regel overtreden en moeten we daar de gevolgen van accepteren."

Assistint-trainer Sandor van der Heide sil no oankommende freed de taken fan De Jong oernimme.

(advertinsje)
(advertinsje)