Buma: "Als burgemeester heb ik echt een andere rol"

26 aug 2019 - 14:00

"Is er een manier om de deur open te krijgen?" Sybrand Buma stiet yn de hal fan it Ljouwerter stêdhûs. Yn ien fan de keamers op de ûnderferdjipping hat hy in tydlik wurkplak krigen. Buma ûntfangt dêr meiwurkers fan de gemeente en riedsleden om sa goed yn de kunde te kommen mei de organisaasje. Mar de nije boargemaster fan Ljouwert hat himsels bûten sluten. It paske leit op it buro. "Het zijn toch dingen waar je aan moet wennen." Gelokkich foar Buma hat wurdfierder Rob Leemhuis in paske yn de bûse en kin hy syn keamer wer yn. "Les geleerd: altijd je pasje mee."

Buma wie de ôfrûne wiken al sa no en dan yn de stêd om yn te wurkjen. Freed krige hy de kaai fan syn nije wurkkeamer yn it stêdhûs yn Ljouwert.

Sichtber ûntspannen nimt de âld-lieder fan it CDA de tiid om de gemeente kennen te learen. De kommende moannen wol hy dêr foar brûke: "Ik wil eigenlijk alle wijken en dorpen bezoeken. Daar praten met de mensen, goed luisteren en dan een beeld vormen van de problemen. Pas dan kun je op zoek gaan naar de beste oplossingen. Het zijn de mensen die de gemeente maken."

Optimistysk oer Ljouwert

Buma ken Ljouwert al goed. De ôfrûne tiid hat hy in soad yn de stêd west. Dêrfoar kaam hy der ek al geregeld, om't syn heit yn Ljouwert wennet. "Mensen die ik spreek en mij feliciteren zeggen altijd: wat een mooie stad. Ik merk ook dat de sfeer hier anders is dan in het verleden. Het is veel optimistischer, mensen zijn trotser."

Minsken kennen leare

Oer hoe't Buma tsjin de feiligens yn de gemeenten oansjocht, wol hy noch net in soad kwyt. Feiligens is de portefúlje fan de boargemaster. "Er ligt een programma en dat is helder. Mijn voorganger, Ferd Crone, heeft heel erg veel goed werk verzet als het gaat om veiligheid in de stad. Ik wil nu eerst mensen leren kennen en luisteren naar de zorgen en de kansen. Dan de problemen goed in beeld brengen en het beste doen voor de veiligheid van de mensen in de gemeente."

Boechbyld fan it CDA

Buma wie de ôfrûne jierren it boechbyld fan it CDA. Hy stie oan de rjochterkant fan dy partij. Buma komt no nei in relatyf linkse stêd. De PvdA is al skoften de grutste partij en de measte boargemasters út it ferline haw in 'reade' eftergrûn. Fanút de stêd klonk ek it lûd oft Buma mei syn CDA-profyl wol paste by de stêd. "Dat is wel een normale vraag: staat hij wel boven de partijen? Ik heb een politiek stempel. Nu ben ik alleen wel een voormalig politicus. Het partijleiderschap heb ik een tijd terug al overgedragen. Ik ben een burgemeester voor alle Leeuwarders. Samen wil ik bouwen aan een mooie toekomst van de gemeente."

Goeie ûnderfining

Syn ûnderfining as politikus komt al goed fan pas: "Het helpt enorm om het politieke proces te begrijpen en daar een rol in te spelen. En met mijn ervaring weet ik hoe ze in Den Haag en Brussel werken. Dat komt goed van pas."

Kunde oan de ministers

Buma syn netwurk kin ek goed fan pas komme by de grutte dossiers yn de gemeente Ljouwert. Sa spile ôfrûne jier de diskusje oer it sosjaal domein, de soarch yn de gemeente. It Ryk hat dêr minder jild foar oer, dat betsjut dat gemeenten flink besunigje moatte. Yn Ljouwert giet it om in besuniging fan miljoenen euro's. "Het college hier is druk bezig met dit dossier. Ik zie de vragen die er leven: hoe kun je de zorg dichtbij, goed en betaalbaar houden? Dat is de grote vraag." Wat dan helpe kin, is dat Buma mei-ferantwurdlik wie foar it kabinet dat no sit en ek mei-ferantwurdlik wie foar it gearstallen fan de ministersploech: "Dat klopt, het zijn allemaal mensen waar ik mee gewerkt heb. Ik ken ze goed."

Net de hân ophâlde

Mar dochs wol hy net de man wêze dy't fan Fryslân út hieltyd nei Den Haach giet om dêr de hân op te hâlden: "Wij hoeven als Leeuwarden en Fryslân niet altijd naar Den Haag toe om iets te vragen. Wij hebben hier juist veel te bieden, op bijvoorbeeld cultureel of technologisch vlak. Dat moeten we uitdragen. Dan komt vanzelf de wedervraag: wat kunnen jullie voor ons doen?"

Syktocht nei in hûs

In hûs hat Buma lykwols noch net fûn. Hy is drok oan it sykjen: "Voorburg - Leeuwarden is best een eind rijden. Ik wil alleen wel een plek hebben waar ik mij goed bij voel en dat voldoet aan een aantal eisen. Je moet dan denken aan privacy en veiligheid. Maar ik wil zo snel als mogelijk is deze kant uit komen."

(advertinsje)
(advertinsje)