Bertus Folkertsma docht wer mei oan Isle of Man TT: "It is ferslaavjend"

26 aug 2019 - 13:56

Foar it tredde jier op rige docht Bertus Folkertsma fan Tsjummearum mei oan de Grand Prix op it Ingelske eilân Man. Hy hat him ôfrûne sneon kwalifisearre foar de Isle of Man TT. Dat is in strjitrace foar motors en in hiel gefaarlike strjitrace. Der barre faak in soad ûngelokken by dizze wedstriid. "Mar it is ferslaavjend."

Foto: ANP Foto

Om mei te dwaan oan de wedstriid moatte de dielnimmers harren fan te foaren kwalifisearje. Dat slagge Folkertsma, hy ried mar leafst 50 sekonden rapper as syn âlde persoanlike rekôr. "Alles kloppe: it waar wie perfekt, de baan wie perfekt en de minsken om my hinne ek. Ik siet lekker yn myn fel en ik wie super bliid doe't ik oer de einstreek kaam. Ik fiel wol dat it noch better kin. It is ferslaavjend."

Neat is flak

De Isle of Man TT is in unike wedstriid. It is in sirkwy fan 62 km lang, oer benammen B-diken. "Der is hjir neat flak", wit ek Folkertsma. "It binne allinnich mar bulten, bergen en asfalt. It is net te fergelykjen mei de diken yn Nederlân. En just dat is myn grutste útdaging."

Soad risiko

Yn 2018 die Folkertsma ek mei en doe bruts hy syn skouder. Mar dat hâldt him net tsjin om dit jier op 'e nij op de motor te stappen. "Ik sjoch heus ek wol wat der om my hinne bart. En de tiid dy't ik eins delsette wol, dan moat ik wol in soad risiko nimme. Mar witst wat it is? As ik op de motor sit dan tink ik dêr net oer nei. Mar as ik der njonken stean tink ik wolris: wêr bin ik mei dwaande?"

Mentale achtbaan

It swierste fan de Isle of Man TT is dan ek it mentale stikje. "Emosjoneel en psychysk is it echt in grutte achtbaan hjir", jout Folkertsma ta. "As ik oan it racen bin, is dat sa geweldich. En as ik dan ôfstap dan is de ûntlading hiel grut. Dat is myn drive."

Folkertsma hopet de kommende dagen noch in soad te trainen. De wedstriden fan woansdei en freed gean allinnich troch as de diken net wiet binne.

Bertus Folkertsma oer syn tredde Isle of Man

(advertinsje)
(advertinsje)