Emma Piersma fan Snits wint NK Beachfollybal

26 aug 2019 - 13:24

Beachfollybalster Emma Piersma fan Snits is snein Nederlânsk kampioen Beachfollybal wurden. Yn trije sets pakte de 18-jierrige Piersma tegearre mei har partner Pleun Ypma ferrassend de titel by it NK Beach yn Scheveningen. Yn de finale wûn it twatal fan it favorite duo Joy Stubbe en Marleen van Iersel.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Wêr't de earste set lykas ferwachte nei Stubbe en Van Iersel gong, wiene it Piersma en Ypma dy't yn de twa folgjende sets de bêsten wiene. Dêrmei skreaune se folslein tsjin alle ferwachtings yn de Nederlânske titel op harren namme.

Emma Piersma

(Advertinsje)
(Advertinsje)