Stints noch oan de ketting troch strange regeljouwing

26 aug 2019 - 12:38

De 700 Stints fan Friesland Lease yn Drachten meie noch altyd net de dyk op. Nei it slimme ûngelok mei in stint ferline jier septimber yn Oss wurde der strange easken steld oan it elektryske ferfiersmiddel. Alle Stints moatte kard en oanpast wurde foardat se de dyk opgean. En dus stean de 700 eksimplaren fan Friesland Lease noch altyd yn de opslach te wachtsjen oant se safier binne. "We hadden graag gezien dat ze al weer op de weg reden, maar dat gaat helaas niet lukken", fertelt direkteur Jan Beljeu fan Friesland Lease.

Foto: ANP Foto

It skoalseizoen is wer begûn en de bernedeiferbliuwen draaie folop. Mar de Stints fan Friesland Lease meie noch altyd net de dyk op. Sûnt it ûngelok foarich jier septimber yn Oss, wêrby't fjouwer bern om it libben kamen, steane alle elektryske ferfiersmiddelen yn de stalling. "De Stints moeten voldoen aan de strengste wetgeving", leit Beljeu út. "Daardoor duurt het erg lang. Het goede nieuws is wel dat er straks een vervoersmiddel staat dat aan alle eisen voldoet."

In nije rolkoai

Ien fan de meast opfallende oanpassingen is dat de nije Stints in saneamde rolkoai hawwe moatte. Dat soarget foar it nedige wurk oan de apparaten. Beljeu bliuwt lykwols posityf. "Zoals het nu lijkt kunnen de Stints begin oktober de weg op. Het wordt echt een compleet vernieuwd voertuig, waarbij we gebruik maken van onderdelen uit de oude Stint."

(Advertinsje)
(Advertinsje)