Doarpsbelang Eastersee wol nije golfbrekker, mar provinsje wurket net mei

26 aug 2019 - 12:19

It strantsje fan Eastersee oan de Tsjûkemar wurdt beskerme troch in golfbrekker yn it wetter. De golfbrekker is lykwols nei 25 jier ta oan ûnderhâld, benammen it boppestik moat fernijd wurde en dat sil sa'n 10.000 euro koste. It doarpsbelang fan Eastersee wol de brekker fernije, mar provinsje Fryslân wol neffens har net meiwurkje. "Dat is vreselijk frustrerend," seit Toine Trommelen. "We horen in de media over 'mienskip' en initiatieven van de dorpen, maar dit wordt gewoon afgekapt. Wij willen tot een oplossing komen, maar dat idee hebben we van hen niet."

Doarpsbelang Eastersee wol nije golfbrekker, mar provinsje wurket net mei

It strân is sa'n 25 oant 30 meter lang en it sân op it strantsje wurdt dêr holden troch in golfbrekker. Dy soarget derfoar dat it sân net fuortspielt. Mar it hout fan de brekker wurdt min.

"Hij is aan onderhoud toe, vooral boven water," seit Guus Verhoef fan it doarpsbelang. "In verband met de veiligheid van de zwemmers is dat belangrijk, vooral kinderen die er gebruik van maken om naar het diepere gedeelte te lopen, om hen veilig die kant op te brengen. Eigenlijk zou er een nieuw bovenstuk gemaakt moeten worden."

Splinters

Der is al it ien en oar bard. "We hebben al splinters meegemaakt. Je ziet er ook gaten in zitten, dus als jongens of meisjes met hun enkels erin vast komen te zitten en ze breken iets, wie is er dan verantwoordelijk voor de gevolgen van het ongeval?", freget Verhoef him ôf.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Doarpsbelang socht kontakt mei de provinsje, mar dy wol oant no ta net meiwurkje. "Dat is voor ons ook een verrassing: de provincie wil absoluut geen geld betalen. We zoeken een oplossing in de richting van een kernbudget, maar de provincie zegt gewoon: nee, we hebben geen geld," jout Toine Trommelen fan it doarpsbelang oan.

Foar in part

"Wij zijn al heel blij als ze voor een deel meedoen," seit Trommelen. "Dat wij bijvoorbeeld de arbeid leveren en dat het Wetterskip of de provincie met materiaal komt, dan maken wij het in orde voor de komende 20 jaar. Dan kan iedereen van het strandje genieten. We hebben een passantenhaven en ook veel inwoners die veel gebruik maken van het strand."

Guus Verhoef en Toine Trommelen fan Doarpsbelang Eastersee

(Advertinsje)
(Advertinsje)