Buma komt mei trein oan yn Grou: "Wat in waarm wolkom"

"Dit is in moai begjin fan de dei. In hiel waarm wolkom." Dat sei Sybrand Buma, nei't er oankaam mei de trein yn Grou. Buma naam de trein om it goeie duorsume foarbyld te jaan en om it belang fan in goede treinferbining mei it Noarden te ûnderstreekjen. Yn stee fan in tsjinstauto nimt Buma it iepenbier ferfier foar syn rûnrit yn syn nije gemeente. Dat wie ek in knypeach nei it ferline, want syn heit kaam op deselde wize oan yn Snits doe't dy boargemaster waard.
Buma komt mei trein oan yn Grou: "Wat in waarm wolkom"
Tegearre mei syn famylje kaam Buma om 12.00 oere moandeitemiddei oan yn Grou. "Ik ha der sin oan", fertelde er entûsjast. "Ik sjoch der noch it measte nei út om de minsken kennen te learen."
Om 14.30 oere is de ynstalaasje fan Buma as nije boargemaster yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Dêrmei is er fan dat stuit ôf de offisjele boargemaster fan Ljouwert en boppedat ek de foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
Sybrand Buma komt oan yn Grou
Buma is oankaam yn Grou © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma