Sinnepark oan Duistereweg yn Easterwâlde wurdt folslein stikstoffrij

26 aug 2019 - 11:02

Dat gemeente Eaststellingwerf in nij sinnepark oanlizze wol oan de Duistereweg, is op himsels in grappich feit. De provinsje wie lykwols wol kritysk op de plannen foar it park by Easterwâlde. Der waard in sjenswize yntsjinne om't der tefolle stikstof frij komme soe by de bou en eksploitaasje. Direkteur Stefan Pieters fan it sinnepanielbedriuw Gutami Solar skeat earstoan de ferdigening yn, mar is dêr op weromkaam. Tegearre mei it bedriuw Koolen Industries sil it der no foar soargje dat der in sinnepark komt dat folslein stikstoffrij is.

Fanwege de sjenswize hawwe inisjatyfnimmers en de gemeente frege oft Gutami Solar it sinnepark fan 10MW ek stikstoffrij bouwe koe. Direkteur Pieters fûn dat de útstjit folle leger wurde soe as by it hjoeddeistige gebrûk fan it lân. Dochs is der lang om let in oplossing fûn. Der is gearwurking socht mei Koolen Industries út Hengelo, in bedriuw dat him dwaande hâldt mei de saneamde enerzjytransysje en gearwurket mei oare bedriuwen.

Boufakkers op elektryske scooter nei it wurk

Der sille no by de bou inkeld elektryske auto's en masines brûkt wurde, sa't der gjin stikstof útstjitten wurdt. It materiaal kin ek duorsum brocht wurde mei elektryske boaten en trucks. Ek is der grien ferfier foar de boufakkers: sy kinne mei elektryske bussen, auto's en scooters nei de boulokaasje.

Op dizze wize is der minder fersmoarging fan it miljeu en is der minder lûdsoerlêst. De kosten foar it elektrysk bouwen kinne, sa't Gutami Solar seit, kompensearre wurde om't de fergunning folle flugger ôfjûn wurde kin.

De Duistereweg by Easterwâlde - Foto: Google Street View
(Advertinsje)
(Advertinsje)