Earste skoalledei: "Hjoed dogge wy noch lekker niks!"

Nei seis wiken frij sit de simmerfakânsje der wer op foar alle basisskoallebern yn Fryslân. Moandei is de earste skoalledei. In spannende dei foar in soad bern. Ek op de iepenbiere basisskoalle Het Slingertouw in Skoatterwâld mochten de learlingen om healwei njoggenen plaknimme yn harren klaslokalen. Mar in soad stiet der net op de planning. "Hjoed dogge wy noch lekker niks!"
Earste skoalledei
OBS Het Slingertouw yn Skoatterwâld telt sa'n 400 learlingen. Tel dêr it tal bern fan it bernedeiferbliuw, it pjutteboartersplak en de kristlike basisskoalle by op en komst op sa'n 1000 bern dy't moandei foar it earst wer nei skoalle mochten. Fanwege de drokte ha de skoallen oare tiden dat de bern komme kinne, sadat der gjin ferkearshinder ûntstiet.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht by Het Slingertouw yn Skoatterwâld
Direkteur Keimpe Strikwerda is al wat langere tiid oan it wurk. "Ferline wike woansdei om healwei twaën bin ik wer oan de slach gong mei de tariedings", fertelt er. Ek op de earste skoalledei is de direkteur op it skoalleplein te finen. "Dan tref ik altyd in hiel soad heiten en memmen. En fansels de bern."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Net allinnich foar de bern is it in spannende dei, ek foar in protte heiten en memmen is it wer efkes wennen nei de simmerfakânsje. Mar der wiene ek âlden dy't bliid wiene dat de fakânsje der op sit. "Zes weken is lang zat", lake ien fan de heiten dy't de bern wer nei skoalle brocht moandeitemoarn.
Bauke treft de earste learlingen en âlden