Kollum: "Yn 'e Loane"

"Jim binne Wâldpykjes." Dat sei in neef fan my altyd doe't wy lyts wienen. Ik hie gjin idee wat er dêr mei bedoelde, oant ik wat âlder waard en ûntduts dat Aldegea yn de Fryske Wâlden leit. Net dat Aldegeasters echte Wâldpiken binne. It binne wat suertsje-Wâldpiken, sil ik mar sizze. Foar de echte diehard Wâldpiken moatst nei Houtigehage, Harkema en Boelensloane. En lit dy lêste no myn nije wenplak wurde.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ofrûne freed ha wy de kaai krigen fan ús nije hûs yn Boelensloane. Yn it bosk fan Boelensloane, om krekt te wêzen. Rûnom ús nije hûs stean wit ik hoefolle beammen. Kinst der allinnich komme fia in sânpaad, dêr't wy fuortendaliks fereale op rekken doe't wy der foar it earst hinne fytsten om te sjen. It is ús dreamplakje.
Mar elke kear as ik fertel dat wy ferhûzje sille nei Boelensloane sjogge minsken my oan as dooch ik net. "Hoe komst dêr no wer telâne?" is de earste fraach dy't se stelle. It antwurd is simpel. Omdat ús hûs dêr stiet. En om earlik te wêzen, ken ik Boelensloane fierder hielendal net. Wy ha gjin yngreven foarûndersyk dien nei ús nije wenplak.
De iennige herinnering dy't ik oan Boelensloane ha, is in kuorbalwedstriid mei de midweek in jier as tsien lyn. Op in woansdeitejûn rieden wy nei it sportfjild fan KV Boelenslaan. Dêr oankaam, die bliken dat de gemeente it fjild al omploege hie. Neffens de mannen fan de grien-ôfdieling siet it seizoen der wol sa'n bytsje op, dus hup, de bots yn it griene sportfjild.
Tsja, neat oan te dwaan fansels. Mar de kuorballers fan Boelensloane wiene net foar ien gat te fangen. Al rap kaam der ien mei in idee. In eintsje fierderop lei noch in kampke lân, dêr't wy ek prima spylje koenen. Der rûn op dit stuit noch in keppel skiep, mar wat kin dat skele. Efkes mei de biksamer rottelje en dy bisten hast der ommers ek samar wer út.
Wylst de iene mei de biksamer rottele, tôgen in pear oaren mei de kuorbalpeallen oer de dyk. Ek it skoareboerd waard ûnder de earm meinaam en sa gongen wy yn optocht nei it kampke lân om dêr it fjild út te lizzen. "Oh ja", raasde ien, "der sitte sa no en dan wol wat greppels yn it fjild. En tink om 'e skieppestront."
In oere letter as de KNKV ús ynpland hie, sette de wedstriid útein. Ik ha gjin idee mear oft wy wûn of ferlern ha, mar it wie prachtich. Kuorbalje op in stik skieppelân. Under de dûs spielden wy dikke plakken skieppestront fan 'e skynbonken. Ik hâld der wol fan. Gjin geëamel oer de gemeentewurkers of seure oer in ynhelwedstriid: nee, tinke yn oplossingen. Dêr mei ik wol oer.
Dus ik kin net oars sizze as dat ik wol nocht ha oan ús nije wenplak. De tiid sil ús leare oft der yn my in echte Wâldpyk sit. Mar it begjin is goed, want by it fûstkjen mei de nije buorman sei er fuort: "Do bist seker de skriuwer". Tsien punten. En doe't wy fertelden dat wy in dikke beam omseagje op de erfskieding tusken ús yn, begong hy te glimkjen. "Feech derôf dy beam, heite", sei er.
Ja, ik tink dat wy wol te plak binne yn 'e Loane."