Glemmer Beach ferrint sûnder ynsidinten en lûkt 20.000 besikers

26 aug 2019 - 07:35

De tsiende edysje fan it festival Glemmer Beach op de Lemmer is dit wykein sunder ynsidinten ferrûn. Der ha al mei al sa'n 20.000 besikers west. Allinnich sneontejûn wiene der al sa'n 9.000 minsken. Henk Slump fan de organisaasje is tige te sprekken oer de jubileumedysje: "Zo veel mensen op het strand, dat doet iets met je."

Foto: Harry Muis

Slump is tige tefreden oer de tsiende edysje fan it feest dat meardere dagen op it strân fan De Lemmer is. "We zijn zeer tevreden. Donderdag en vrijdag hadden er iets meer mensen bij gekund, maar de sfeer was goed. En daar gaat het per slot van rekening om."

It brûst

Sels hat er benammen genoaten fan de sneons. "En dan gaat het mij niet zo zeer de muziek, want daar heb je als organisatie eigenlijk geen tijd voor om naar te luisteren. Maar vooral de sfeer op zaterdag was goed. Met zo veel mensen bij elkaar gebeurt er iets op het strand. Het bruist. Dat is fantastisch om mee te maken. Als je daar staat en je ziet de tent helemaal vol lopen, dan is dat genieten."

Waarmte

De tsiende edysje wie in waarme, mei temperatueren boppe de 25 graden. De organisaasje hat dêr rekken mei hâlden. Slump: "We hebben geen klachten gehad. We hadden genoeg schaduwplekken en voorzieningen, dus ik heb niemand horen klagen."

Rolstuollen

Foarôfgeand oan it festival wie der de nedige argewaasje oer de tagonklikheid foar minsken yn in rolstoel. Dit jier wie der op it poadium in lytser stikje foar minder-falide besikers. Slump: "We doen er alles aan om een rolstoelvriendelijk festival te zijn. Dat is dit jaar goed gegaan, maar op een strand is dat altijd extra lastig."

Henk Slump oer de 10e edysje fan Glemmer Beach

(Advertinsje)
(Advertinsje)