Ferkear moat rekken hâlde mei wurk oan spoaroergong De Skrâns yn Ljouwert

Ferkear moat fan moandei ôf rekken hâlde mei wurksumheden oan de spoaroergong yn De Skrâns yn Ljouwert. It spoar wurdt klearmakke foar in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Dit hat gefolgen foar de drokke oergong yn Ljouwert. Projektlieder Richard Reitsma fan de provinsje: "Wy dogge der alles oan om de oerlêst foar it ferkear sa folle mooglik te beheinen."
Spoaroergong by De Skrâns yn Ljouwert © Google Street View
Fan moandei ôf wurde der in pear smelle stroken út it asfalt seage om kabels en liedingen te ferlizzen. Dat is in tarieding op de grutskalige wurksumheden yn septimber en oktober dit jier. Benammen yn de nacht soarget it seagjen fan it asfalt foar hinder foar autoferkear. Reitsma: "Gelokkich kinne auto's oan twa kanten oer it spoar. Wy wikselje it wurk dêrom ôf. Oan de westkant is de spoaroergang twa nachten ticht, mar kinne minsken oan de oastkant wol oer it spoar hinne ride. En efkes letter dogge wy it krekt oarsom."

Ferkearsregelers

Om der foar te soargjen dat alles yn goede banen rint, steane der de kommende tiid ferkearsregelers by it spoar. Dêr hat de provinsje foar keazen, neidat der in soad fragen kamen nei oanlieding fan giele buorden dy't by de spoaroergong pleatst wiene. Reitsma: "Wy hiene ferline wike fan dy giele buorden pleatst mei de oankundiging dat de spoaroergong ticht wie foar kuierders en fytsers, mei dêrop ferskate data. Dêr kamen in soad fragen oer. Fandêr dat we de buorden wer fuorthelle ha."

Gruttere wurksumheden

It seagjen fan it asfalt is in earste tarieding op it gruttere wurk. Yn septimber kinne der twa dagen gjin treinen ride. Dan wurdt der wurke oan de boppeliedings. "Dy wurde gesikt makke foar in twaspoarige oergong", leit Reitsma út. Fan healwei oktober wurdt de oergong oanpakt en leit al it treinferkear der twa wiken út.
Richard Reitsma oer it wurk oan it spoar