Omstanners belje 112, mar ko Geartsje kin sûnder de brânwacht ek wol út de sleat komme

Op de Feanhoop ha minsken de brânwacht belle omdat se seagen dat der in ko yn de sleat lei. Foardat de brânwacht der wie, wie de boer der ek al by.
© De Vries Media
Neffens de boer gong it om ko Geartsje, dy't yn desimber kealje sil. De boer woe de ko leaver sels út it wetter krije. De brânwacht is al kaam, mar koe dus direkt wer ynpakke.
Yn pleats fan 112 te beljen as se in ko yn in sleat sjogge, kinne minsken neffens de boer better nei in buorkerij yn de buert rinne. Faak kin in boer de ko sels wol út de sleat helje.
Yn dit gefal slagge dat ek. Mei in trekker en in tou ha de boer en de boerinne de ko út it wetter lutsen.
© De Vries Media