Scooterrider slim ferwûne by ûngelok yn Harnzer Noorderhaven

25 aug 2019 - 20:02

By in botsing mei in auto is yn Harns in scooterrider slim ferwûne rekke. Der binne meardere ambulânses op it plak fan it ûngelok, en de traumahelikopter is oanwêzich.

Foto: CAMJO Media

It ûngelok barde op de Leeuwenbrug yn Harns, yn de Noorderhaven. It is net dúdlik wat der presys bard is. Guon minken sizze dat der meardere slachtoffers wêze soene, mar it is net dúdlik oft dat kloppet.

Behalve medyske helpferlieners binne der ek minsken fan de brânwacht en de plysje op it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Harns ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)