Doelstelling ONS Snits en Harkemase Boys noch ûndúdlik: "Kom oer fiif wiken mar ris wer"

25 aug 2019 - 21:56

Harkemase Boys en ONS Snits binne ek dit seizoen wer de twa Fryske klups op it ien-nei-heechste amateurfuotbalnivo. Wat kinne we dit seizoen fan beide klups ferwachtsje yn de tredde difyzje?

De Fryske derby Harkemase Boys - ONS - Foto: www.orange-pictures.nl

Sneon spilen de beide ploegen de earste kompetysjewedstriid, mei wikseljend súkses. Harkemase Boys wie mei 2-0 te sterk foar VVOG, wylst ONS Snits mei 6-0 ûnderút gie tsjin Jong Almere City.

Seleksje Harkemase Boys

Der binne dit jier wer in soad wikselingen yn de seleksje fan Harkemase Boys. Leafst tsien spilers kamen fan 't simmer oer nei Sportpark De Bosk.

Transfers by Harkemase Boys

Nij (klup dêr't er weikomt) Fuort (klup dêr't er hinne giet)
Kevin Bakels (VV Jobbegea) Jouke Bosje (Drachtster Boys)
Frits Dantuma (ONS Snits) Nourredine Boutzamar (SC Genemuiden)
Curty Gonzales (ONS Snits) Simon IJzerman (Alcides)
Volken Huisman (wie stoppe) Kevin Mennega (ACV)
Menno Dijkstra (VV Eastermar) Jochem van Putten (DOS Kampen)
Pim ten Have (Excelsior '31) Jens Jurn Streutker (SC Genemuiden)
Max de Jong (SC Cambuur) Johnny de Vries (Staphorst)
Roelof de Jong (SC Genemuiden)
Kasper Oldenburger (FC Emmen)
Gerald Postma (Jong FC Grins)

Trainer Hans de Jong is ek nij. Hy sjocht dat syn seleksje der sterker op wurden is. "Yn 'e breedte binne we folle better. Dat kinst ek oan de wiksels sjen. As dy deryn komme, wurdt it net minder. Dus dan hast in man as sechtjin, sântjin, achttjin dy't allegear spylje kinne. Dat wurdt in útdaging."

Oanfierder Henny Bouius fynt it dreech om de kwaliteit fan de hjoeddeistige seleksje te fergelykjen mei dy fan ferline jier. "Doe hiene we in moai jier en echt in hiele hechte groep. Dat moat dit jier wer."

"Ik fyn it lestich om te sizzen oft we dit jier better binne", seit Bouius. "Dat moat blike."

Seleksje ONS Snits

Binne se der no better op wurden? Trainer Paul Raveneau fan ONS Snits: "We missen vlieguren. Maar daarentegen zijn we dynamischer geworden, balvaardiger, sneller. Maar hoe zich dat nou gaat verhouden met vorig jaar, dat gaan we nog zien."

Transfers by ONS Snits

Nij (klup dêr't er weikomt) Fuort (klup dêr't er hinne giet)
Wesley Tankink (Pelikaan S.) Yumé Ramos (Flevo Boys)
Pieter Mulder (Hollandia) Michael Lanting (Go Ahead Kampen)
Sidney de Jong (SC Cambuur) Curty Gonzales (Harkemase Boys)
Joep van de Haar (SC Cambuur) Frits Dantuma (Harkemase Boys)
Jordy den Hoedt (SC Cambuur) Martijn Barto (Blauw Wit '34)
Nick Kleen (SC Cambuur) Tim Oosterbaan (Zeerobben)
Oege-Sietse van Lingen (SC Cambuur) Serge Fatima (HHC Hardenberg)
Rannick Schoop (SC Hearrenfean) Ruben Pijlman (SC Cambuur)
Tyson dos Santos (Oranje Nassau) Ale de Boer (opholden)
Ruendel Martina (Oranje Nassau) Klaas de Vries (leger nivo)
Han van Dijk (VV Hearrenfean)

Nick Kuipers is oanfierder en mei syn tritich jier ien fan de âldsten. "Leeftijd is ook maar een getal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)