Twa kear sulver en ien kear goud foar Rixt van der Horst op EK paradressuer

25 aug 2019 - 18:22

De Grouster pararuter Rixt van der Horst hat op it Europeesk kampioenskip yn Rotterdam twa yndividuele sulveren medaljes helle, en mei it Nederlânsk team wûn se goud yn de lannewedstriid.

Foto: Anne van der Horst

De Deen Tobias Thorning Joergensen waard Europeesk kampioen. Woansdei wie Joergensen ek de iennige dy't better wie as Van der Horst. Doe wie it ferskil net grutter as in punt.

Yn de lannewedstriid einigen Nicole den Dulk (Grade II) en Rixt van der Horst (Grade III) as tredde en twadde, Frank Hosmar en Sanne Voets (Grades V en IV) einigen beide boppe-oan. Mei in totaal fan 227.039% pakte TeamNL de gouden plak.

(advertinsje)
(advertinsje)