Steenstra prolongearret keningstitel yn Bitgum

25 aug 2019 - 15:32

It partoer van Gert-Anne van der Bos hat de frije formaasjepartij yn Bitgum wûn. It is it hichtepunt fan de Van Aismadagen.

Foto: Henk Bootsma

Mei Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra fersloech Van der Bos yn de finale it partoer fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. It waard 5-1/6-2.

Tjisse Steenstra is kening wurden. Foarich jier wûn it partoer fan Van der Bos ek al de Van Aismapartij. Doe wie Steenstra ek de kening.

"Moaier kin it net. We ha de hiele dei net ien flater makke. Dan is it moai keatsen", sei Steenstra nei ôfrin. "Jammer dat we sa it hiele jier net keatse."

Menno van Zwieten fûn it ferlies terjochte. Syn partoer krige net genôch druk op Van der Bos en dy. "We stiene te skutterjen."

De froulju fan de haadklasse keatsten yn Wjelsryp. Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra ha dat wûn. Yn de finale fersloegen se it partoer fan Tineke Dijkstra. Anne Monfils en dy waarden tredde.

Trefwurden: 
keatsen Bitgum
(advertinsje)
(advertinsje)