WK-aventoer no alwer oer foar Ljouwerter judoka Tsjakadoea

Foar judoka Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert wiene de wrâldkampioenskippen yn Tokio, Japan rap foarby. Yn fiif minuten wie de wedstriid dien foar de 22-jierrige Tsjakadoea. Hy lei yn syn earste partij yn de klasse oant 60 kilo al op syn rêch.
© www.orange-pictures.nl
Tsjakadoea, dy't begûn mei in bye, moast it yn de twadde ronde opnimme tsjin Davoed Mammadsoy út Azerbeidzjan. De Ljouwerter sette krekt foar tiid in oanfal yn, mar dy waard oernaam.
It toernoai yn Tokio wurdt sjoen as in wichtich tariedingstoernoai op de Olympyske Spelen, dy't kommend jier ek yn Tokio hâlden wurde. Foarich jier by de WK yn Bakû slagge hy der noch wol yn om in partij te winnen.