Trije boaten gean yn flammen op yn jachthaven De Langelille

25 aug 2019 - 13:36

Yn de jachthaven fan De Langelille binne sneintemiddei trije boaten útbaarnd. It fjoer ûntstie op ien fan de boaten en sloech oer nei de oare twa. Meardere brânwachtkorpsen wiene dêrfoar útriden.

Foto: ProNews

By de brân ûntploften ferskate gasflessen. Der rekke lykwols gjinien ferwûne.

Der waard in spesjaal team oproppen om de oalje en brânstof dy't yn it wetter telâne kaam wie yn te damjen.

It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe.

(advertinsje)
(advertinsje)