Biltske doarp Sint-Anne lûkt besikers út alle wynstreken

25 aug 2019 - 11:27

Buro de Vries, it achtergrûnprogramma fan Omrop Fryslân strykt del yn Sint-Anne, it haaddoarp fan de eardere gemeente It Bilt. It doarp telt sa'n 5.000 ynwenners en is sûnt ferline jier ûnderdiel fan de gemeente Waadhoeke. It Bilt bliuwt lykwols yn streek mei in eigen taal en kultuer. Dêr binne se ek grutsk op yn Sint-Anne. Yn Buro de Vries komme ferskate organisaasjes en minsken oan it wurd oer it wenjen en wêzen yn it Biltske doarp.

Bewenner Milad en meiwurker Mirjam fan it AZC Sint Anne - Foto: Simone Scheffer

Al sechstjin jier leit der tichtby Sint-Anne it asylsikerssintrum (azc). Dêr wenje sa'n 400 flechtlingen út alle wynstreken fan de wrâld. Se besykje in plak yn de Nederlânske mienskip te krijen en yn it azc dogge se harren bêst om de bannen mei it doarp sa goed mooglik te hâlden.

Der binne in soad projekten dêr't de bewenners en meiwurkers oan wurkje, lykas frijwilligerswurk, feestjûnen en it repair-kafee. Dat wurket aardich en de minsken fan it sintrum wolle de klam lizze op ferbining.

Milad

Milad is ien fan de bewenners dy't drok dwaande is mei it helpen fan benammen oare minsken yn it azc. Hy fynt it moai yn Sint-Anne en hopet dat de doarpsbewenners en de bewenners fan it azc mekoar moetsje wolle. Gewoan 'goeie' sizze is al in moai begjin, fynt hy. Milad wit noch net oft hy yn Nederlân bliuwe mei, mar as dat wol sa is, soe hy graach yn Sint-Anne wenje wolle.

Alle twadde en fjirde freeds fan de moanne is it repair-kafee yn it azc iepen. Minsken út it doarp kinne dan mei stikken spul delkomme foar reparaasje, mar it giet benammen om it efkes in bakje kofje of tee mei mekoar drinken en yn 'e kunde mei mekoar kommen. Sa binne der mear aktiviteiten om de bân goed te krijen.

Op 28 septimber, Nationale Burendag, set it azc de doarren iepen.. Dan kin elkenien dy't dat wol, sjen hoe't it libben yn in asylsikerssintrum is en yn 'e kunde komme mei de bewenners.

Milad fertelt oer de aktiviteiten yn it asylsikerssintrum

Foto: Simone Scheffer

Natuerslachter Bijlsma

Al 111 jier is de famylje Bijlsma de natuerslachter fan Sint-Anne. Op dit stuit is it Johannes Huisman dy't de slachterij docht, mar syn omke Auke is ek noch aktyf. De natuerslachter hat allinnich fleis fan eigen fee. De keppel stiet tusken Sint-Anne en Berltsum en no't Auke net mear yn de slachterij stiet, soarget hy folslein foar de bisten.

En sa't it by in natuerslachter heart hat hy in grutte bân mei it fee en it fee ek mei him. De kij werkenne syn auto. As hy der oankomt, rinne se flot nei it stek, omdat se witte dat der dan in koekje komt. Ek de grouwe bolle Bauke is sa nuet dat Auke him gewoan efkes by de noas pakke kin.

Natuerslachters Bijlsma soargje goed foar harren kij

Bijlsma is in namme op it mêd fan natuerfleis. Eartiids slachten se sels ek it fee, mar no net mear. Dat wurdt yn Dokkum dien. Klanten fine it noflik dat se witte dat der goed foar de bisten soarge is en dat se in moai libben hân hawwe. Se witte dat se dat oan de Bijlsma's oerlitte kinne.

Auke fynt it somtiden ek swier om ôfskied te nimmen fan in ko. It giet 'm wol oan it hert, mar dat se sa'n moai libben hân hawwe, makket it wol better. Neffens de klanten is it te priuwen dat de bisten in goed libben hân hawwe.

Opfolger

Al generaasjes lang binne de Bijlsma's slachter en neffens Johannes sil hy it ek noch wol fjirtich jier folhâlde. Hoe't it dêrnei komt, wit hy net. Oft syn soannen de slachterij letter oernimme sille, is no noch net dúdlik. Hy wachtet ôf en hopet it. Dat jildt grif ek foar Auke. Hy soe it hiel spitich fine as der gjin opfolgers komme. Mar foarearst is der noch genôch fleis te krijen fan de slachter by wa't de kij mei leafde behannele wurde.

Attinsjestiennen

Ferspraat oer Sint-Anne lizze stiennen mei foto's fan histoaryske pannen yn it doarp. Guon gebouwen binne der noch, mar binne hielendal feroare. Op oare foto's steane gebouwen dy't der net mear binne. Der lizze sechstjin fan dizze stiennen en der is in spesjale kuier foar makke. By de foto's op de attinsjestiennen stiet in ferhaaltsje oer de skiednis fan it pân.

De stiennen binne der kaam neidat de gemeente It Bilt fusearre mei Frjentsjerteradiel en Menameradiel, ta de gemeente Waadhoeke. It is bedoeld om minsken oer de skiednis fan it doarp te fertellen. Der binne al mear as 1.000 eksimplaren fan it rûteboekje ferkocht oan doarpelingen, mar ek toeristen.

De attinsjestiennen fan St.-Annaparochie

Camping De Blikvaart

Wa't oan Sint-Anne tinkt, tink net fuortendaliks oan toerisme. Mar dochs is it in moai plak om te rekreëarjen. Op camping De Blikvaart bygelyks komme in soad minsken fakânsje fieren. Jong en âld fynt it noflik om te genietsjen fan de rêst en de romte by it doarp. Der is sels in forellefiver dêr't yn fiske wurde kin.

Foar bern is de camping oan de Alvestêderûte ek in lyts paradyske. Der kin yn de feart swommen wurde en alle dagen om fiif oere giet campinghâldster Afke Werkhoven mei de bern op 'e trekker oer it lân. Neffens har hat Sint-Anne alles wat in toerist siket: rêst, romte, Waad en ek noch in doarp mei in soad winkels.

Camping de Blikfeart is in wier paradyske

Buro de Vries is elke snein fan 11.00 oant 13.00 oere te sjen op Omrop Fryslân-radio en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

De simmerdoarperige slút nije wike ôf yn Easternijtsjerk.

Trefwurden: 
Buro de Vries Sint-Anne
(advertinsje)
(advertinsje)