Drokke nacht foar plysje yn Ljouwerter útgeansgebiet

De plysje yn Ljouwert hie yn de nacht fan sneon op snein gjin tiid om stil te sitten. De aginten moasten deropút foar ferskate meldingen.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De rûzige jûn begûn om 23.00 oere hinne, doe't in 18-jierrige Ljouwerter graffity oan it spuitsjen wie yn in húske yn in kafee oan it Ruterskertier. Der waard oanjefte dien en de man waard oanhâlden.
Krekt nei trijen nachts krige de plysje in melding dat immen it rút fan in taksybuske ynslein hie. In 39-jierrige Ljouwerter wie lulk wurden en hie mei syn fûst it rút fernield. It is net bekend oft de man mei moast nei it buro.

Stellerij

Noch gjin kertier letter wie der sprake fan stellerij. Yn in kafee oan it Reigerplein wie in mobile telefoan stellen. Alle oanwêzige besikers waarden fûillearje, mar de mobyl waard net werom fûn. De eigner hat oanjefte dien fan dieverij.
Om 4.00 oere hinne kaam de melding binnen dat in 21-jierrige Ljouwerter syn hannen net thús hâlde koe. Hy hie in besykster fan in hoarekagelegenheid oanrekke, wylst sy dat net woe. Doe't de portier him dêrop oanspruts, helle de man út, mar miste. De man hat in lokale hoareka-ûntsizzing krigen en de frou sil mooglik oanjefte tsjin him dwaan.

Ynbraak

Yn dyselde nacht wie der ek in ynbraak yn de wyk Camminghabuorren. De plysje trof ien fan de ybrekkers oan op in wol hiel nuver plak: it húske.