Plysje treft ynbrekker oan op it húske; bewenners hiene neat yn 'e gaten

De plysje hat sneontejûn yn Ljouwert in ynbrekker oanhâlden op in wol hiel nuver plak. De man hie him nammentlik ferskânze op it húske.
Plysje logo © Omrop Fryslân
In opmerksume foarbygonger belle fuortendaliks de plysje, doe't er trochhie dat der ynbrutsen waard yn it hûs oan de Rozemastate. Hy koe de plysje in dúdlike beskriuwing jaan fan de fertochte persoan dy't foar de wente stie. De plysje-aginten troffen in 23-jierrige Ljouwerter oan dy't op 'e útkyk stie.
By neier ûndersyk die bliken dat de bewenners op leeftiid neat murken hiene. De aginten trochsochten it hûs en hiene al gau yn 'e gaten dat de doar fan it húske op slot siet. Nei't dy iepen makke wie, waard de twadde fertochte ûntdutsen. It giet om 31-jierrige ynwenner fan Frjentsjer.
De fertochten wiene de wenning binnenkaam troch in rút los te wrikken. De manlju hiene sieraden by harren dy't fan de bewenners wiene. Beide manlju binne oanhâlden.