Twa oanhâldings by fjochtpartij yn Surhústerfean

25 aug 2019 - 08:28

By in fjochtpartij oan de Torenvalk yn Surhústerfean binne sneontejûn meardere persoanen lichtferwûne rekke.

Foto: De Vries Media

De rûzje soe ûntstien wêze nei't twa manlju in oantal kear hurd troch de strjitte jeiden yn in auto. It twatal krige wurden mei in oare groep persoanen. Der soe drige wêze mei in taser en slein mei bierfleskes.

De plysje moast deroan te pas komme en der wie ek in ambulânse oanwêzich om minsken te kontrolearjen op ferwûnings. Der soene twa persoanen oanhâlden wêze.

Trefwurden: 
Surhústerfean rûzje
(Advertinsje)
(Advertinsje)