Caravan brânt folslein út yn Drachten; plysje befêstiget brânstichting

Yn Drachten is yn de nacht fan sneon op snein in caravan folslein útbaarnd. De caravan stie op it hiem fan in hûs oan de Wielewalen. De plysje hat befêstige dat it fjoer oanstutsen is.
Caravan brânt folslein út yn Drachten; wierskynlik brânstichting
In foarbygonger dy't de hûn útliet, murk de útslaande brân om 3.30 oere hinne op. Doe't de brânwacht arrivearre, stie de caravan al yn ljochte lôge en wie der in soad reek frijkaam. De omjouwing waard ôfsetten fanwegen eksploazjegefaar.
De brânwacht hat it fjoer dwêst en koe foarkomme dat it oersloech. Ynntusken hat de plysje befêstige dat it om brânstichting giet. "Een van de scenario's waar we rekening mee houden is dat alle elf de branden door dezelfde persoon of personen zijn aangestoken", seit in wurdfierder. De skea soe oprinne ta tûzenen euro's.
© SrFotografie
It is al de alfde kear yn koarte tiid dat in pyromaan taslacht yn Drachten. De plysje sil yn 'e rin fan 'e moarn ûndersyk dwaan.
Minsken dy't mear witte of kamerabylden hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.