Teloarstelling oerhearsket nei 'ferlies fan twa punten'

25 aug 2019 - 00:59

De teloarstelling oerhearsket by Hearrenfean, nei it lykspul tsjin FC Twente. "We spelen voor de punten", sei trainer Johnny Jansen nei ôfrin fan de wedstriid. "Maar we hebben niet gescoord."

It bleaun 0-0 yn it Abe Lenstra Stadion. Hearrenfean wie de better ploech, mar skoarde net.

Jansen hâldt fertrouwen yn de spilers. "We krijgen geen goals tegen. Dat doen we als collectief goed. En kansen creëren kunnen we ook."

Hearrenfean hie noch wat goed te meitsjen, nei de pynlike 2-0 nederlaach tsjin FC Emmen fan foarige wike. Mar ek tsjin Twente koene de Friezen de goal net fine.

Neffens Ricardo van Rhijn, dy't syn debút makke foar Hearrenfean, wie it in teloarstellende wedstriid. "Ik denk dat we hier twee punten verliezen."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)